Skip to content
Laden Evenementen

« Alle Evenementen

Teaterstik ‘It Spoar Werom’

10 april - 11 mei

€25,00

Jan Arendz en Marijke Geertsma spylje tegearre mei musikant Tseard Nauta en in koar ûnder lieding fan Sjoukje Heins-Scheltema fan 10 april ôf de nije foarstelling It Spoar Werom, basearre op it boek Had het anders gekund fan Abel de Jong.

De foarstelling giet oer Abel, in Joadsk jonkje dat yn 1940 berne wurdt en op 2-jierrige leeftyd ûnderdûkt om te ûntkommen oan de oarloch. Syn âlders belove him dat se him sa gau mooglik ophelje sille, mar Abel wurdt noait werienige mei harren. As folwoeksenen giet hy op syk nei it ferhaal fan syn âlders: It Spoar Werom. In emosjonele syktocht fol dramatyske mominten, basearre op wier barde foarfallen.

It Spoar Werom is in unike foarstelling mei muzyk fan Tseard Nauta en in koar ûnder lieding fan Sjoukje Heins-Scheltema. It stik wurdt opfierd yn de histoaryske Martinitsjerke fan Easterein, in lokaasje dy’t djip ferbûn is mei it tema fan de foarstelling.

It doarp Easterein sil aktyf meidwaan oan dit barren mei meiwurking fan ferskate organisaasjes, ynklusyf Doarpsbelang, de Oranjeferiening, de Toanielferiening, it Korps, kafee Bergsma en de basisskoalle. Mei harren ynset wurdt It Spoar Werom in ûnferjitlike ûnderfining foar de hiele mienskip.

As ekstra kinne besikers in itentsje bestelle by kafee Bergsma. Nei de middeisfoarstelling en ek foar de jûnsfoarstelling is der in mooglikheid om yn Kafee Bergsma te iten. Dat is yn buffetfoarm en it is iepen fan 17.30 oant 19.00. It buffet kostet € 24,50. Ofrekkenje by Bergsma. By it keapjen fan in kaartsje kinne jo opjaan as jo mei ite wolle en mei hoefolle persoanen.

Spylperioade: 10 april oant en mei 11 maaie 2025, mei foarstellingen sawol yn ‘e middei as yn ‘e jûntiid. Kaarten binne fan 1 novimber ôf te keap op úse side.

In kaartsje foar de foarstelling kostet € 25,00 per persoan en dêrfoar krije jo ek in bakje kofje of tee.

 

Gegevens

Begin:
10 april
Einde:
11 mei
Kosten:
€25,00
Evenement Categorie:
Site:
https://www.jmteaterwurk.nl/fy/aginda/

Locatie

Bergsma Easterein
Sibadawei
Easterein, 8734HE Nederland
+ Google Maps
Telefoon
0515331290
Bekijk de site van Locatie

Restaurant & Partycentrum
Bergsma Easterein

… voor de sfeer van weleer!

Sibadawei 2
8734 HE Easterein
Tel: 0515-331290

info@bergsmaeasterein.nl

Openingstijden:
Maandag: op afspraak
Dinsdag: op afspraak
Woensdag: op afspraak
Donderdag: 16:00 uur
Vrijdag: 16:00 uur
Zaterdag: 12:00 uur
Zondag: 12:00 uur

Vanaf 1 april serveren we op zaterdag en zondag weer lunch! Een tafel reserveren kan via de button rechtsonder deze pagina. Let op, we reserveren zowel voor de lunch als het diner geen tafels op ons terras!

  • Dit veld is bedoeld voor validatiedoeleinden en moet niet worden gewijzigd.

AUTHENTIEK A LA CARTE RESTAURANT – BUFFETTEN – CATERING OP LOCATIE – BEPPE’S MIEL – BRUILOFTEN – VERGADEREN – FAMILIEFEEST OF BEDRIJFSUITJE – THEMAFEESTEN & SPELSHOWS – DAGJE DAF – SOLEXTOCHTEN OF NATUURLIJK UW EIGEN IDEEËN. ONZE ZALEN BIEDEN PLEK VOOR RUIM 1100 GASTEN!

Back To Top