Welkom bij Restaurant & Partycentrum Bergsma Easterein! In deze prachtige, sfeervolle omgeving stapt u terug in de tijd. Onze chef en zijn team nodigen u van harte uit aan tafel en laten u graag verrassen door de kwaliteit en unieke sfeer.
Teaterstik ‘It Spoar Werom’
Tusken 11 april en 11 maaie spylje Jan Arendz en Marijke Geertsma tegearre mei musikant Tseard Nauta en in koar ûnder lieding fan Sjoukje Heins-Scheltema de nije foarstelling It Spoar Werom, basearre op it boek Had het anders gekund fan Abel de Jong. It Spoar Werom is in unike foarstelling en wurdt opfierd yn de histoaryske Martinitsjerke fan Easterein, in lokaasje dy’t djip ferbûn is mei it tema fan de foarstelling.
As ekstra kinne besikers in itentsje bestelle by kafee Bergsma. Nei de middeisfoarstelling en ek foar de jûnsfoarstelling is der in mooglikheid om yn Kafee Bergsma te iten. Dat is yn buffetfoarm en it is iepen fan 17.30 oant 19.00. It buffet kostet € 24,50. Ofrekkenje by Bergsma. By it keapjen fan in kaartsje kinne jo opjaan as jo mei ite wolle en mei hoefolle persoanen. Klik hjir foar it bestellen fan kaarten!
